Miljoenefraude op De Jouwer, trije manlju oanhâlden troch FIOD

By in begjinnend bedriuw op De Jouwer binne trije manlju troch de FIOD (Fiscale inlichtingen- en opsporingsdienst) oanhâlden, om't sy fertochte wurde fan oplichterij en wytwaskjen.
© FIOD
De FIOD hat in melding krigen dat der 2,3 miljoen euro oerboekt is fan it bedriuw nei de priveerekken fan de haadfertochte, in 40-jierrige man út Grins. It bedriuw is in start-up foar de ûntwikkeling fan in applikaasje foar mobile telefoans. It bedriuw hat trije miljoen euro binnen krigen fan partikulieren dy't jild yn it bedriuw stutsen. De ynvestearders waard in grut rendemint foarspegele.

Lúkse libbensstyl

De minsken dy't jild ynlein hawwe, krigen lykwols gjin rendemint útkeard. De haadfertochte hat mear as twa miljoen euro útjûn oan in lúkse libbensstyl. Neist de Grinzer fertochte is ek in 51-jierrige Snitser fertocht fan belutsenheid by de saak. De FIOD hat ûndersyk dien yn it hûs fan de man en it bedriuwspân op De Jouwer. In 48-jierrige man wurdt der fan fertocht dat hy ynvestearders oanbrocht hat.