Nei tsientallen jierren binne de klokken fan de Friezentsjerke wer te hearren

De klokken fan de Friezentsjerke yn Rome hawwe tsientallen jierren lang net te hearren west, mar dêr komt no snein feroaring yn. Nei in yngreven restauraasje binne de klokken klear foar in nij libben.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De klokken binne te hearren yn in eucharisty-fiering yn de Friezentsjerke. Dy is snein live te folgjen op telefyzje by de KRO-NCRV op NPO2, om 10.00 oere.
Boppe yn de romaanske campanile oan de súdkant fan de Friezentsjerke hingje de twa lytse, mar weardefolle brûnzen klokken. Se binne yn 1757 en 1768 getten troch de bruorren Angelo en Felice Casini. Sy wiene yn dy tiid de klokkejitters fan it pauslik paleis. De lytse klok hat de namme Michael krigen, wylst de grutte klok Magnus as namme draacht.
Sible de Blaauw, kenner fan de Friezentsjerke
De klokken hawwe skoften stil west om't it houtwurk fan de klokken fergien wie. Dêrnjonken wie it lûdsmeganisme yn in minne steat. Mei jild fan de Abe Bonnema stichting koene de midsiuwske klokken wer by de tiid brocht wurde. It is de bedoeling dat Michael en Magnus tenei klinke mei earetsjinsten en om grutte mominten te markearjen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust