Nyck de Vries 6e yn earste Formule E-race

22 nov 2019 - 14:03

Nyck de Vries is as sechsde einige yn syn earste race yn de Formule E. Dy race wie freed oan it begjin fan de middei yn Saudy-Arabië. De Vries pakt acht punten troch syn sechsde plak.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

De Fries hie him as tredde kwalifisearre foar de race en gie goed fan start. Hy lei lang tredde en de ferskillen foaryn wiene lyts. Nei goed tsien minuten riden waard De Vries even oantikke troch Edoardo Mortara. Even letter waard De Vries ynhelle troch de Brit Sam Bird, dy't syn 'attack mode' ynsette. Dêrmei hie er wat mear fermogen.

Even sakke De Vries noch fierder fuort. Hy lei op in gegeven stuit sânde. Yn in spektakulêre slotfaze wûn De Vries wer in plakje doe't hy fan seis nei fiif gong. Yn de lêste ronde gong er Alexander Sims (dy't fan pole begûn) noch foarby, mar waard er sels wer ynhelle troch Robin Frijns. Sa einiget er yn syn earste race dus as sechdse. Dêrmei pakt hy acht punten. De nûmer ien Sam Bird pakt 25 punten.

Sneon is de twadde race fan it seizoen, opnij yn Saudy-Arabië. De earste race dêrnei is pas yn jannewaris.

De top tsien pakt punten:

  1. Bird
  2. Lotterer
  3. Vandoorne
  4. Rowland
  5. Frijns
  6. De Vries
  7. Mortara
  8. Sims
  9. D'Ambrosio
  10. Evans
(advertinsje)
(advertinsje)