Fryslân ljochtpunt yn min briedseizoen foar de skries

22 nov 2019 - 13:36

Sa'n 9000 jonge skriezen binne it ôfrûne briedseizoen grut wurden yn Nederlân. De measte dêrfan, sa'n 5400, binne yn Fryslân opgroeid, de oare 3600 sieten yn de rest fan Nederlân. Dit binne lykwols te min om it ferstjerren fan âldere fûgels te kompensearjen. Dêrfoar binne 13.000 jonge skriezen nedich.

Span skriezen yn in plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

It bettere briedresiltaat yn Fryslân hat nei alle gedachten te krijen mei it grutte tal fjildmûzen dat der yn ús provinsje is. Hjirtroch hawwe rôfbisten mooglik mear mûzen en minder aaien en pykjes iten.

De skriezesifers komme fan de lanlike telling fan de Vogelbescherming Nederland, Sovon en it skriezeteam fan de Rijksuniversiteit Groningen. Ut sifers docht bliken dat de populaasje skriezen sûnt 1990 mei twa tredde weromrûn is.

Sûnt inkele jierren binne de provinsjes ferantwurdlik foar ús greidefûgels. Dêrom hat de Vogelbescherming Nederland oan alle provinsjes in brânbrief stjoerd om mei effektive maatregels te kommen om de delgong in halt ta te roppen.

De delgong yn it tal skriezen hat neffens de ûndersikers benammen te krijen mei it ferlies oan goed leefgebiet. It grutste part fan de piken kin net goed opgroeie op grûn dat yntinsyf brûkt wurdt foar de lânbou.

Trefwurden: 
greidefûgels skries
(advertinsje)
(advertinsje)