Provinsje set natoergebiet yn Gaasterlân te keap

22 nov 2019 - 13:04

Altyd al graach in natoergebiet keapje wold? En boppedat in flinke pûde mei jild beskikber? Dan is it mooglik om natoergebiet de Séfonsterpolder, tusken Riis en Aldemardum, te keapjen. De provinsje rjochte it gebiet koartlyn yn as natoergebiet en set 25 bunder yn de polder no te keap. Wol mei de betingst dat it natuer bliuwt. It is foar it earst dat natuer yn de frije ferkeap giet. Earder koe it eksklusyf yn hannen fan natoerorganisaasjes komme.

Deputearre Douwe Hoogland hat freed it 'Te Keap'-boerd yn de grûn set. "Troch nije Europeeske regels meie wy perselen natoer net mear automatysk oanbiede oan organisaasjes as it Fryske Gea, Natuurmonumenten of Staatsbosbeheer. Wy binne ferplichte om it oan te bieden op de partikuliere merke."

Dat betsjut lykwols net dat de nije eigener der mar mei dwaan kin wat er sels wol. "Partijen dy't dit keapje wolle, moatte earst in plan ynleverje en in bod útbringe. Der is minimaal 312.500 euro nedich."

Deputearre Douwe Hoogland set it boerd yn 'e grûn - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It gebiet is in krûderyk gebiet en dat moat de nije eigener ek yn stânhâlde. Undernimmers, lykas boerebedriuwen, soenen ek in bod dwaan útbringe. "Mar de ambysjes yn harren oankeapplan moatte der wol by passe. "Ik haw noch net heard dat der gegadigden binne, wy binne benijd", seit Hoogland.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei deputearre Douwe Hoogland

Ynkoarten folgje der mear natoergebieten. De provinsje set dan nochris 500 bunder natoergrûn te keap.

(advertinsje)
(advertinsje)