Liveblog | 22 novimber 2019

LIVEBLOG: Nyck de Vries wurdt sechsde

Folgje hjir live de earste dei yn de Formule E. Nyck de Vries fan Twellingea rydt dit seizoen foar it earst yn dizze klasse.
Lêst bywurke: 23 novimber 2019, 10:14
14:03

We hâlde dermei op

En hjirmei slute we dizze blog ôf. Moarn binne we der wer. We begjinne om 12.00 oere, de race start wer om 13.00 oere.
14:01

By Mercedes ha se genoaten

13:58

Earste punten foar Nyck de Vries

Fan it tredde nei it sechsde plak, mar toch de earste punten foar Nyck de Vries. De nûmer ien pakt 25 punten foar it klassemint. Nyck pakt troch syn sechsde plak 8 punten. Boppedat pakte hy mei tank oan de goeie kwalifikaasje noch in punt ekstra.
13:56

Sam Bird wint, Vandoorne twadde

13:53

NYCK DE VRIES EINIGET AS SECHSDE

Hy besocht it noch, mar mear as in 6e plak sit der net yn.
13:52

Ynhelaksje Nyck de Vries

Nyck de Vries mei in aksje yn de einfaze! Hy giet Sims foarby, mar de Nederlanner Frijns giet Nyck ek foarby.