Stefan van der Pal al sliepend yn tarieding op Swimalvestêdetocht

22 nov 2019 - 22:25

Ultra-atleet Stefan van der Pal riedt syn Swimalvestêdetocht fan 2020 al sliepend ta. Mei in sensor op 'e holle mjit er yn syn sliep de aktiviteit yn syn harsens, bewegingen, hertslach en sykheljen.

Arts Marco Blanker sil dêrnei it slieppatroan fan Van der Pal analysearje oan de hân fan it mjitsysteem Dreem. "Dat is eigenlijk bedoeld voor mensen met slaapproblemen", fertelt Blanker. It is wichtich dat Van der Pal wekker wurdt op it momint dat er yn in 'lichte sliep' sit, en net yn in djippe sliep.

"Want dan ben je meestal suf, vermoeid en gedesoriënteerd. Daar kan je de rest van de dag last van hebben. Als wij Stefan in de rustmomenten tijdens zijn elfstedenzwemtocht wekken als hij in een lichte slaap zit, kan hij de tocht frisser en alerter vervolgen, verwachten we."

Skoftke yn hûs

Van der Pal hat it apparaat al in skoftke yn hûs. "Ik heb hem nog even in de doos laten zitten omdat mijn zoon van elf maanden 's nachts nog elke avond wakker is en dit niet echt goed voor de testresultaten zal zijn."

By de tocht, dy't Van der Pal takom jier simmer dus swimmend ôflizze wol, sil der in elektryske sloep foar him út farre. Dizze hat spesjale ferljochting, dy't deiljocht simulearje moat. Dêrmei hat er minder lêst fan de nachten.

Stevan van der Pal - Foto: Marianne Faber
(advertinsje)
(advertinsje)