PvdA Súdwest-Fryslân woe koälysje rêde troch CDA-wethâlder fuort te stjoeren

22 nov 2019 - 11:21

Neist wethâlder Stella van Gent moast ek wethâlder Maarten Offinga fan it CDA fuort yn de gemeente Súdwest Fryslân. Dat wie it ultime besykjen fan PvdA-fraksjefoarsitter Johan Feenstra om syn partij yn de koälysje yn de gemeente te hâlden. Feenstra die de suggestje yn in tillefoanysk petear mei fraksjefoarsitter Douwe Attema, nei't it kolleezje it fertrouwen opsei yn PvdA-wethâlder Stella van Gent.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Troch it opsizzen fan it fertrouwen yn Van Gent stapte de PvdA út de koälysje yn Súdwest-Fryslân. Feenstra begrypt noch altyd net wêrom Van Gent fuort moast. "Ik snap net dat it kolleezje praat oer in fertrouwensbreuk. Mar as dat sa is, dan kin je dêr oan wurkje. Dêrom ha wy mediation foarsteld, mar dat woene se net."

Om te besykjen de koälysje oerein te hâlden hat Feenstra ôfrûne wike noch in foarstel dien by koälysjepartner CDA. "It probleem siet net op ynhâld. Yn it belang fan it fuortbestean fan de koälysje ha ik doe sein dat de polityk lieder fan it CDA, wethâlder Offinga, in grut stimpel drukt op dit kolleezje. Syn fertrek wie foar ús dan ek besprekber."

Fraksjefoarsitter Johan Feenstra fan de PvdA

De suggestje fan Feenstra waard troch de fraksjefoarsitter fan it CDA, Douwe Attema, fan tafel skood. "Feenstra woe in keppeling meitsje mei mefrou Van Gent en ús eigen wethâlder. Dêrfan ha ik sein, dat is ûnbesprekber. It liket wat op 'achterkamertjespolitiek'. As der ien fuort moat, dan is dat fia de foardoar, en net op dizze manier."

Attema erkent dat de wurkwize fan Offinga wjerstân opsmite kin. "Maarten Offinga is fansels in man mei in sterk karakter, mar hy krijt ek saken foarinoar. Hiel spitich dat it allegear sa gien is."

Fraksjefoarsitter Douwe Attema fan it CDA

Foar de PvdA yn Súdwest-Fryslân sit der no neat oars op as de opposysje yn te gean. In striidbere Feenstra seit dêroer: "Wy gean mei ús holle omheech de opposysje yn. Oer twa jier binne der nije ferkiezingen, de kampanje is begûn".

(advertinsje)
(advertinsje)