Fryslân wit de bibleteek goed te finen

Fryske bibleteken dogge it better as har kollega's yn de rest fan it lân, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
© Omrop Fryslân
Lanlik sjoen binne der hieltyd minder minsken lid fan in bibleteek, mar yn Fryslân is it byld krekt oarsom. Dat hieltyd mear minsken de bibleteek goed witte te finen hat neffens it CBS te krijen mei in taname fan it tal jeugdleden, mar ek nije abonneminten. Dit past by de ferskowing fan de klassike bibleteek nei de mienskiplike bibleteek.
Karin Meijerman direkteur fan de bibleteek Drachten sjocht ek noch in oare wichtige reden: "Wy binne hieltyd mear op skoallen as bibleteek." Dat kin dan wêze yn de foarm fan in lêskonsulint of in spesjale kolleksje op skoalle. "Al dy bern wurde dan ek lid fan de bibleteek."

Spesjaal abonnemint

Dêrnjonken hawwe de fiif Fryske bibleteekorganisaasjes in spesjaal soart abonnemint, dat se yn de rest fan Nederlân net hawwe. Minsken kinne dan in paske oanskaffe foar in lyts bedrach. Mei dit paske kinne boeken of CD's liend wurde, en dy wurde dan it stik betelle. Dizze minsken betelje dan dus gjin abonnemintskosten.