Polityk komt mei helberheidsûndersyk nei Lelylijn

Der komt in ûndersyk nei de helberheid fan de Lelylijn, in spoarferbining fan de Rânestêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten. Dat hat it Ryk yn oerlis ôfsprutsen mei politisy út it noarden.
Polityk komt mei helberheidsûndersyk nei Lelyline
It doel fan de partijen is in koartere reistiid tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân. De regio wol dat de reistiid foar 2030 op syn minst tritich minuten koarter is.
Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei meardere mooglikheden, wêrûnder dus de Lelylijn. Deputearre Avine Fokkens fan provinsje Fryslân is der wiis mei dat ministers Van Nieuwenhuizen (Ynfrastruktuer en Wettersteat) en Van Veldhoven (Miljeu en wenjen) de plannen stypje. "Fryslân is ervan overtuigd dat deze spoorlijn de Randstad én de regio belangrijke voordelen zal opleveren", seit Fokkens.

Nasjonaal belang

En in koartere reistiid is neffens Fokkens net allinnich wichtich foar it noarden. "Het gaat om nationale belangen. Denk alleen al aan de arbeidsmarkt, wonen en duurzaamheid", seit se. "De Lelylijn moet onderdeel worden van de landelijke visie op modern openbaar vervoer in 2040."
Treinstasjon © Shutterstock.com
Ut in earder ûndersyk hat al bliken dien dat in koartere reistiid in protte jild kostet. Der binne ek maatregels foar nedich, lykas de befeiliging op it spoar. Mear details moatte dúdlik wurde út fierder ûndersyk. Earder waard al bekend dat de NS fan 2023 ôf rappere treinen ynsette wol tusken Breda en it Noarden. Dat smyt fjouwer minuten tiidswinst op tusken Rotterdam en Ljouwert.