Nyck de Vries tredde yn kwalifikaasje by start Formule E-seizoen

22 nov 2019 - 10:30

Autokoereur Nyck de Vries begjint fan it tredde plak ôf oan syn earste race yn de Formule E. By de kwalifikaasje yn Saûdy-Arabië wiene allinnich de Brit Alexander Sims en de Belch Stoffel Vandoorne rapper as De Vries.

De Snitser ried de ôfrûne jierren yn de Formule 2. Dêryn waard er dit jier kampioen. Dêrnei makke De Vries de oerstap nei de Formule E. Hy rydt foar it nije team fan Mercedes.

Dit wykein binne yn Saûdy-Arabië de earste races fan it Formule E-seizoen. Freedtemiddei de earste, sneon de twadde.

(advertinsje)
(advertinsje)