Ireen Wüst wol dochs troch oant Olympyske Spelen yn 2022

22 nov 2019 - 10:04

Reedrydster Ireen Wüst wol dochs noch in kear nei de Olympyske Spelen. De 33-jierrige Friezinne wol meidwaan yn Beijing 2022, as se op tiid in sponsor fynt foar har nije ploech. "Ik wil heel graag doorgaan tot en met de Winterspelen van Peking in 2022", seit Wüst yn De Telegraaf.

Ireen Wüst - Foto: www.orange-pictures.nl

It finen fan in nije sponsor is wichtich, seit se: "Ik ga namelijk niet nog een keer zelf een ploeg oprichten en dan maar weer zien of het een succes wordt."

Yn oanrin nei de Spelen fan 2018 hie Wüst geregeld oanjûn dat de Spelen yn Súd-Koreä har lêste wêze soene. Se pakte goud op de 1.500 meter en sulver op de 3.000 meter en de ploege-efterfolging. Yn totaal hat Wüst alve olympyske medaljes wûn: fiif kear goud, fiif kear sulver, ien kear brûns. Dêrmei is se de suksesfolste olympyske reedrydster oait.

(advertinsje)
(advertinsje)