Jonkje slim ferwûne by ûngelok Drachten

Yn Drachten is tongersdeitemiddei in 12-jierrich jonkje slim ferwûne rekke by in ûngelok. In automobilist rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt, en ried yn in wenwyk samar in tún yn. It jonkje rûn krekt op dat stuit yn it paad fan de auto.
© De Vries Media
It is net dúdlik hoe't it mei de bestjoerder, in 45-jierrige man fan Drachten, is. Hy is fuort nei it ûngelok meinaam nei it plysjeburo.
It slachtoffer is mei spoed mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De plysje hat nei it ûngelok de dyk ôfset om ûndersyk te dwaan. Der binne ek tsjûgen heard dy't op it stuit fan it ûngelok yn de direkte omjouwing wiene.