Efter de skermen yn de soarch: Keunst en kultuer yn de striid tsjin Parkinson

21 nov 2019 - 17:15

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Der is personielskrapte, mar trochdat we âlder wurde nimt de fraach nei soarch ek ta. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.

De fiifde ôflevering fan 'Soarch oer de takomst'.

Yn Fryslân binne 1200 Parkinsonpasjinten. Dat wurde der noch folle mear de kommende jierren, want it is de fluchst groeiende sykte oan de harsens. Keunst kin in hiel goed medisyn weze, sa seit professor Bas Bloem, autoriteit op it mêd fan Parkinson.

Ynvestearje yn keunst en kultuer om minsken sûner en lokkiger te krijen. Mar hoe dan? Bygelyks troch te dûnsjen as je Parkinson hawwe. De dokter as keunstner en de keunstner as dokter, beide kinne se mekoar fersterkje.

It komt allegear foarby yn de nije njoggendielige searje 'Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch'. Fan 24 oktober ôf alle tongersdeis om 17.30 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

(advertinsje)
(advertinsje)