Kollum: "Mieningen"

22 nov 2019 - 08:21

"Us bern binne al grut en wy fiere allang gjin Sinteklaas mear. Eins soest dan hast wol sizze dat it feest oan dyn noas foarby giet, mar dochs is dat net sa. De diskusje oer Swarte Pyt is noch hieltyd oan 'e gong en ast it no leuk fynst of net, kinst der mei goed fatsoen ek net mear omhinne.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Ofrûne sneon wiene wy efkes op 'en paad yn Burgum en Drachten en yn beide doarpen wie de yntocht fan Sinteklaas. Drumband, hynders, bern en Swarte Piten soargen yn myn eagen foar in gesellige en feestlike sfear. Hie ik it earder witten dan hie ik de drokte net opsocht, mar no't ik der samar tusken stie, fûn ik it hiel aardich.

Benammen de bliere gesichten fan al dy bern wiene oandwaanlik en yn Drachten stiene in pear hiele brave Fryske hynders tusken in drokke mannichte foar de karre te wachtsjen. De Piten dy't ik seach wiene dus swart mar persoanlik haw ik dêr gjin muoite mei want ik lis de link net mei rasisme. Dat is oars foar in soad donkere minsken. Sy wurde der gauris mei pesten en útmakke foar Swarte Pyt.

De rop om in oare kleur Pyt is oan 'e iene kant grut, wylst in protte minsken ek fêsthâlde wolle oan in tradysje. It makket my op dit stuit neat mear út, oft er no swart is of net. Ik tink dat de bern der ek net minder bliid om binne mar it wurdt al lestich om bekende Piten te brûken yn lytse mienskippen om't de doarpsgenoaten en famyljeleden dan samar te werkennen binne.

Dat minsken pest wurde, fyn ik it slimste yn dizze diskusje mar neffens my kin in Swarte Pyt dêr op himsels neat oan dwaan. Pesters binne ornaris ûntefreden lju dy't net langer tinke as har noas lang is. Of se binne fan hûs út kondisjonearre om in hekel te hawwen oan in oar, wylst se dêr miskien noch noait in fatsoenlik wurd mei wiksele hawwe.

Der binne noch altyd bern dy't opgroeie mei botte útspraken fan âlden, freonen en famylje en dat planút oannimme. Moslims binne kriminelen, blanke froulju hoeren en guon Cambuursupporters binne yn steat immen mei in Fryske flagge op 'e mûtse de harsens yn te slaan omdat in pompeblêd gelyk stiet oan SC Heerenveen. Oarsom likegoed en earlik sein tink ik net datst sok gedrach ea út de minsken helje kinst.

Sa binne der grif noch bern dy't opgroeie mei it idee dat swarten lui binne en fan ús profitearje wylst donkere bern te hearren krije dat blanken yntolerante rasisten binne. Der binne, nei alles wat der bard is, ek noch altyd lju dy't in hekel hawwe oan Joaden of alle Dútsers oer ien kaam skeare. Al dy waanideeën oer in oar kinne hjoeddeis ek nochris planút utere wurde op in ferskaat oan social media en dat lokket de nedige reaksjes fansels wer út.

Elts bern dat pest wurdt om hokker reden dan ek, is ien tefolle mar elts bern dat opgroeit tusken haatlike wurden en oertsjûgingen ek. Ik bin bêst wol benijd wat guon boeren, feganisten en amtners der op 't heden allegearre útkreamme ûnder it iten en wat te tinken fan de jeugd út ferskate doarpen dy't generaasjes letter noch mei elkoar op 'e fûst gean omdat it altyd sa west hat? Wêrom wit net ien mear mar de haat en niid is wol altyd fuorre bleaun.

Swarte Pyt liket miskien wol de sûndebok mar dat is er neffens my net. It binne de minsken mei har ûnberette mieningen en salang't der minsken binne, bliuwe dy mieningen ferdield."

(advertinsje)
(advertinsje)