Noch hieltyd ride tsientallen fytsers sûnder ljocht de buorren yn

22 nov 2019 - 07:32

Fytsers en ferljochting. In belangrike kombinaasje mei dizze tsjustere dagen. Dochs binne der noch hieltyd in soad fytsers dy't sûnder goede ferljochting op 'n paad gean. It Fytsersbûn hâldt om dy reden tegearre mei de plysje, ANWB, Sport Fryslân en Veilig Verkeer Nederland publyksfreonlike aksjes.

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei it petear mei Kees Mourits

De kontroleurs stiene tongersdeitejûn yn Harns, om dêr te sjen oft minsken har fytsferljochting wol goed op oarder hiene. Plysjes wiene yn de stêd oanwêzich om de minsken te trappearjen, om se dêrnei troch te stjoeren nei de stand fan ûnder oare it Fytsersbûn. De oertrêders krigen dan de kar: of in nije fytslampe oanskaffe, of de boete betelje.

Alle minsken keazen sûnder útsûndering foar de lampe, en dat is ek net sa gek: in lampke kostet twa euro, de boete 60.

Fytsferljochting as deitaak

Kees Mourits fan it Fytsersbûn, fynt it skande dat der noch hieltyd in soad minsken sûnder goed ljocht ride, mar snapt it ek wol wer: "Het valt niet altijd mee om goed licht op je fiets te houden. De fietsen starten natuurlijk wel met verlichting, maar het gaat ook wel eens kapot." Neffens Mourits is fytsferljochting in saak dy't je alle dagen yn de gaten hâlde moatte: "De ene dag doet ie het, en de andere dag niet."

Yn Harns binne tongersdei 40 fytsers oan in nij lampke holpen. In moai oantal "maar het is beter als we niemand bij onze stand hadden gehad", aldus Mourits. It fytsersbûn hat njonken de Fryske binnenstêden ek ekstra omtinken foar sportklups: "Die liggen vaak aan de randen van dorpen en steden, dus dat is vaak een stukje fietsen meestal ook door het donker."

Freed wurdt de aksje opnij hâlden, dan yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)