Earste gedicht nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

22 nov 2019 - 07:00

De nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat in nij fers makke by gelegenheid fan syn ynstallaasje. De Nederlânske oersetting is fan himsels.

Foto: Jacob van Essen

Begjin

Dit is hoe't it begjint. Dû komst thús en bliuwst

stean by it oanrjocht. It is oer tolven. It hûs is kalm,

mar dû bist it net.

Wat dyn buorfrou rôp, oan 'e ein fan 'e jûn, dat

wie ôfwaaid praat. Dû seist der wat fan, mar de

oaren foelen har by.

It sint dy net. It wynt dy yn 'e holle om. Minsken

binne sa wis. Se meie sa graach prate. Dû lûkst

in kastke iepen en rikst omheech.

Gelokkich is der in heale sek Croky.

*

De pûde is samar leech. En opnij fretst dyself op.

Dû stapst op bêd, hearst it fertroude snoarkjen

neist dy, mar it helpt neat.

De monolooch giet troch. Dû sikest om wurden

om werom te slaan, mar in helder ferhaal wol it net

wurde. Bist de ienling dy'tst froeger ek al wiest.

In ploech is prachtich as der wat te laitsjen falt.

Hoe graach praatst net oer ús Friezen. Mar dyn

sympaty foar de underdog is gjin tafal.

Bist it ommers self, as it tsjinsit.

*

Dû leist thús, mar fol thúsleaze gefoelens. Dû

hearst it waaien en dan ynienen miskien moatst

pisje stapst derút.

Sûnder datst der erch yn hast bist al wat rêstiger.

Minsken binne sa wis. Dû moatst der even om

gnize. En dan sjit dy wat yn 't sin, in regel,

in pear wurden.

It is genôch. It kriget al foarm. Ast it fange kinst

bist al in hiel ein. Dû rikst fansiden en pakst

âlderwets in pinne.

Dat is hoe't it begjint.

(advertinsje)
(advertinsje)