NS komt mei fluggere ferbining tusken Rânestêd en Ljouwert

22 nov 2019 - 06:37

Der komt in nije fluggere intercityferbining tusken Breda en Ljouwert. De rûte rint fia Rotterdam, Amsterdam-Zuid, Lelystad en Zwolle, en it is de bedoeling dat de treinen tenei mei snelheden tusken de 160 en de 200 kilometer de oere de rûte ride.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fluggere rûte moat yn 2023 úteinsette. Op it earste part fan de rûte, tusken Breda en Schiphol, kin de nije intercity mei 200 kilometer de oere oer de hegesnelheidslijn ride, dêrnei moat der op de Hanzelijn in stikje stadiger riden wurde: 160 kilometer de oere.

In rit tusken Rotterdam en Ljouwert duorret hjirtroch dalik fjouwer minuten koarter, seit de NS. Wa't fan Breda nei Zwolle reizgje wol, is dalik in heal oere earder fan A nei B. "Dit is een eerste belangrijke stap om met een snelle trein de reistijd tussen de Randstad en Noord-Nederland te verkorten", seit de presidint-direkteur fan de NS, Roger van Boxtel.

De flugge ritten wurde dien mei nije treinen, de ICNG. De NS hat hjir 99 stiks fan besteld. De treinen sille njonken Ljouwert, ek nei Grins ride.

Trefwurden: 
trein NS rânestêd Hanzelijn
(advertinsje)
(advertinsje)