Alles watst witte moatst oer de Formule E en Nyck de Vries

22 nov 2019 - 06:00

"Ik denk dat Nyck zo rond de tiende tot de vijftiende plaats gaat rijden." Dat seit Giedo van der Garde, âld-Formule 1-koereur en ploechgenoat by Racing Team Nederland. Nyck de Vries begjint dit wykein oan de Formule E. Yn Saûdy-Arabië binne de earste twa races fan dit nije seizoen.

Foto: Omrop Fryslân

De Formule E is in klasse mei elektryske auto's. Se geane it sechsde seizoen yn, it earste foar Nyck de Vries. We sprutsen trije belutsenen út de autosportwrâld oer de kânsen fan Nyck, de Formule E en de takomst fan dizze klasse.

  • Giedo van der Garde, âld-Formule 1-koereur en kollega fan Nyck de Vries by Racing Team Nederland yn it World Endurance Championship;
  • Arjan Schouten, sjoernalist fan it Algemeen Dagblad, hy folget de autosport;
  • Gerard Bos, sportsjoernalist fan de Ljouwerter Krante, hy folget Nyck de Vries op 'e foet.

Wat binne de kânsen foar Nyck de Vries?

Giedo van der Garde:

"Ik verwacht dat Mercedes zo rond de 10e tot en met de 15e plaats gaan strijden. Je hebt als team, als fabrikant en als coureur echt wel even tijd nodig om te wennen aan deze klasse. Ik ken Nyck goed en heb hem als coureur heel hoog zitten. Op termijn kan hij het echt goed gaan doen, maar je moet wel even wennen. Bovendien is Nyck wel een beetje een slow-starter. Hij moet altijd even wennen."

Arjan Schouten:

"Dat is nog een beetje glazen bol-werk. Nyck komt bij Mercedes en die zijn nieuw in de Formule E, dus is het moeilijk te beoordelen. Maar het is wel interessant om te volgen. Mercedes steekt niet voor niets geld in de elektrische auto's. Dus ze zullen veel know-how en geld meenemen. Dat is in het voordeel van Nyck. Het is wel een fijn stoeltje voor hem. Dat biedt perspectief, vooral als ze langer bij elkaar blijven."

Gerard Bos:

"Oan de iene kant giet it te fier om fuortendaliks te ferwachtsjen dat hy wedstriden winne sil, want de Formule E is nij foar him en ek foar syn team Mercedes. Mar oan de oare kant is de Formule E in klasse mei faak lytse ûnderlinge ferskillen. Dus as Nyck syn draai snel fine kin en Mercedes ek, dan kin hy ek samar om de boppeste plakken stride. De tiid sil it leare."

Wat fynst fan de Formule E?

Giedo van der Garde:

"Ik heb zelf meerdere elektrische wagens getest. Het is compleet anders dan rijden in een Formule 1-wagen. Het is alsof je eerst hebt leren fietsen en daarna wilt zwemmen. De Formule E-wagens gaan nu wel steeds sneller en dat is mooi, maar je mist wel de sensatie van het geluid. Maar door onder andere de locaties heeft het veel potentie."

Arjan Schouten:

"Het racen in die stratencircuits is mooi om te zien, maar voor de race-liefhebbers is het misschien wat minder. Dat keren en draaien in de kleine straatjes en met die hoekige bochtjes maakt het wat minder fraai om te zien. Qua locatie mooi, maar race-technisch wat minder. Het wordt echter wel steeds groter en professioneler. De auto's gaan nu ook steeds sneller, maximaal 280 km/u, dus zou racen op andere circuits ook interessanter zijn."

Gerard Bos:

"It is tige nijsgjirrich. De races binne faak spannend en al gauris in spektakelstik. Dat der riden wurdt op strjittesirkwys yn grutte stêden as New York, Rome en Londen soarget foar in moaie setting. De opset fan wedstriden is ek bysûnder, mei bygelyks strepen op 'e dyk dy't in saneamde Attack Mode opsmite. Formule E is boppedat ynteraktyf; publyk kin stimme op koereurs foar de Fanboost, sa bliuwe fans belutsen. Koartsein dus, hiel oars as oars, mar de Formule E besiket him te ûnderskieden as raceklasse. Dat is moai. Mar ja, dat lûd hè? It is net 'vroem-vroem', mar 'zoem-zoem'. Dat is spitich, mar dat is no ien kear net oars, by elektryske auto's."

Alles watst witte moatst oer de Formule E:

  • Der dogge 24 koereurs mei;
  • Der wurde 14 races riden. Yn it earste en yn it lêste wykein wurde dêr twa races riden yn ien wykein. Ferline seizoen wiene der 13 races;
  • De races fan Monaco, Bern en Hongkong binne ferdwûn;
  • Dêrfoar yn it plak binne Londen, Jakarta en Seoul kaam;
  • De races binne allegear in strjittesirkwy fan tusken de 2,5 en 3 kilometer;
  • It is it sechsde seizoen fan de Formule E;
  • Der dogge 12 teams mei;
  • Nije teams binne Mercedes en Porsche;
  • Jean-Eric Vergne út Frankryk is de kampioen fan ferline seizoen. Hy ried fan 2012 oant 2015 yn de Formule 1. By Toro Rosso moast hy doe syn plak ôfstean oan Max Verstappen;
  • Der binne 8 koereurs dy't ek ûnderfining ha yn de Formule 1: Stoffel van Doorne, Jean-Eric Vergne, Brendon Hartley, Lucas di Grassi, Felipe Massa, Pascal Wehrlein, Sébastian Buemi en Jérôme d'Ambrosio.
  • De auto's gean fan 0 nei 100 kilometer de oere yn 2,8 sekonden en ha in maksimale snelheid fan 280.
  • Races duorje 45 minuten en ien ronde.
  • Moarns binne twa frije trainings, folge troch in kwalifikaasje. Dan kinne de auto's twa oeren lang laden wurde en jûns is dan de haadrace;
  • Punteferdieling: De winner krijt 25, de nûmer twa 18. Folge troch 15, 12, 10, 8, 6, 4, 2 en de nûmer tsien pakt noch 1 punt.
  • De koereur dy't tidens de kwalifikaasje de snelste tiid delset, mei as earste begjinne op pole-position en krijt 1 punt ekstra;
  • Mei de Super-Pole kin in koereur by de kwalifikaasje noch 3 punten ekstra pakke. De beste seis koereurs krije yn in sesje fan 15 minuten de kâns om noch in rappe tiid del te setten. De winner fan dizze Super-Pole krijt 3 ekstra punten;
  • De koereur mei de rapste ronde yn de race krijt 1 punt;
  • De kwalifikaasje duorret 55 minuten. Eltse auto krijt net mear as 6 minuten om in tiid del te setten;
  • Koereurs meie yn de race de saneamde 'attack mode brûke'. Dat betsjut dat se tydlik mear fermogen krije. Hoefolle tiid ferskilt de race.
  • De koereurs kinne noch in ekstra boost krije, in saneamde fanboost. Fans meie stimme en de fiif koereurs mei de measte stimmen krije in pear sekonden ekstra fermogen.

Is Formule E de takomst?

Giedo van der Garde:

"Bedoel je dat Formule E ooit groter wordt dan Formule 1? Nee. Nooit. De Formule 1 heeft veel meer historie. Natuurlijk wordt de Formule 1 steeds groener. Ze rijden nu ook al met een elektrische powerunit achterin. Maar Formule E heeft veel perspectief. Het bijt elkaar ook niet. Liberty Global is de eigenaar van de Formule 1 én de Formule E. Ze hebben belang bij beide klassen."

Arjan Schouten:

"Die kans is er zeker. De race-wereld is wel een beetje conservatief, maar je merkt wel dat het elektrisch rijden steeds interessanter wordt. De druk op de Formule 1 wordt steeds groter. Zelfs van binnenuit. Een coureur als Lewis Hamilton is ook steeds kritischer over het milieubewust rijden.

Bovendien stappen met Mercedes en Porsche nu twee grote automerken uit Duitsland in de Formule E. Dat zijn grote spelers in de auto-wereld. De Duitsers maken ook al jaren de dienst uit in de Formule 1, dus als die het elektrisch rijden serieus gaat nemen, dan kan het zo maar zo zijn dat de Formule E ooit groter wordt dan de Formule 1. Er is natuurlijk een hele generatie opgegroeid met de Formule 1 en het geluid, maar er komt straks een generatie die daar niks meer mee heeft."

Gerard Bos:

"It hat as raceklasse yn alle gefallen in takomst, dat is wis. It is in rap groeiende klasse, in jonge klasse en dochs al mei in soad bekende koereurs en grutte merken. Elektrysk riden is fansels yn opkomst en it seit genôch dat merken as Porsche en Mercedes dit seizoen ek yn Formule E ynstapt binne. Earder wie Renault der al, Audi, BMW en Nissan bygelyks no ek noch. It sil as raceklasse allinich mar groeie."

Is de Formule E earliker?

Giedo van der Garde:

"Het zijn wel dezelfde auto's. Dus in die zin is het eerlijker. Maar daarbinnen is er nog wel veel mogelijk. Daarom gaat Mercedes ook niet meteen bovenin meedraaien. Er zijn nog een wereld aan mogelijkheden en tierlantijntjes.

Arjan Schouten:

"Ja. Ook in deze auto-sport spelen geld en andere belangen een grote rol, maar de auto's lijken meer op elkaar. In de Formule 1 wordt een race altijd gewonnen door de traditionele top drie (Mercedes, Ferrari en RedBull). Kijk maar hoeveel verschillende winnaars de races in de Formule E hebben en je kunt niet anders dan concluderen dat het eerlijker is."

Gerard Bos:

"Wol yn de sin fan dat jild op dit stuit in minder grut ferskil makket as yn de Formule 1. Mar dan noch: it is appels mei parren fergelykjen. Formule E is net samar in elektryske fariant fan Formule 1. De auto's binne oars, de koereurs, de merken dy't dielnimme, der wurdt riden op strjitte en net op gewoane sirkwys en gean sa mar troch. De opset is ek oars, de doelgroep is oars."

Race-kalinder Formule E

  • 22 nov Riyad, Saûdy-Arabië
  • 23 nov Riyad, Saûdy-Arabië
  • 18 jan '20 Santiago, Sily
  • 15 feb '20 Mexico Stad, Meksiko
  • 29 feb '20 Marrakech, Marokko
  • 21 mrt '20 Sanya, Sina
  • 4 apr '20 Rome, Italië
  • 18 apr '20 Parijs, Frankryk
  • 3 mei '20 Seoul, Súd-Koreä
  • 6 jun '20 Jakarta, Yndonezië
  • 21 jun '20 Berlijn, Dútslân
  • 11 jul '20 New York, Amearika
  • 25 jul '20 Londen, Ingelân
  • 26 jul '20 Londen, Ingelân

Omrop Fryslân folget de earste twa races fan de Formule E fan dit seizoen op 'e foet. Freed kinst op dizze webside fia in live-blog folgje hoe't Nyck de Vries it docht. Sneon is de twadde race. Ek dy wedstriid is live te folgjen fia us webside en app. Boppedat dogge Roelof de Vries en Ljouwerter Krante-sjoernalist Gerard Bos op de radio live ferslach fan de wedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)