Muzykfestival At the Watergate Snits krijt ekstra jild

It muzykfestival At the Watergate yn Snits krijt dochs ekstra finansjele stipe om it tekoart fuort te wurkjen. Hast alle politike partijen yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wolle 82.500 euro oermeitsje oan de organisaasje fan At the Watergate. Dat is de helte fan de totale kosten dy't it festival nedich hie foar de befeiliging. Yn totaal is it tekoart krekt mear as 200.000 euro.
De ôfrûne edysje fan At the Watergate © Jan Douwe Gorter
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wegere in ekstra temjittekomming, omdat se fûnen dat de gemeente al genôch betelle hie mei de subsydzje. De ried tikket it kolleezje no dus op de fingers.
Dat de befeiligingskosten heger wiene as earder tocht, komt ek omdat de gemeente de befeiligingseasken omheech brocht hie fanwege terroristyske driging. Dêrtroch moast de organisaasje mear befeiligers ynsette.
Riedslid Marieke Vellinga fan D66 makke har sterk foar de ekstra gemeentlike bydrage oan de organisaasje fan it festival, dat fan 't simmer 56.000 besikers lutsen hat.