Plysje en KNVB sykje tsjûgen yn ûndersyk nei ynsidinten by bekerwedstriid De Harkema

21 nov 2019 - 22:55

De plysje siket tsjûgen dy't bylden makke ha fan de ûngeregeldheden by de fuotbalwedstriid tusken Harkemase Boys en FC Groningen op 30 oktober. By dy bekerwedstriid ein oktober waard swier fjoerwurk op it fjild smiten, flakby de keeper fan Harkemase Boys.

Foto: www.orangepictures.nl

Fuortendaliks nei ôfrin fan de wedstriid op 30 oktober is de plysje yn gearwurking mei it Iepenbier Ministearje begûn mei in ûndersyk nei de ynsidinten. By it ûndersyk binne in soad bewakingsbylden besjoen, wurde de bylden fan de kamera's dy't de plysjes om hiene analysearre en wurde ek ferklearringen opnaam fan de stewards dy't de supporters begelaten.

De plysje rjochtet it ûndersyk op de persoan(en) dy't mei fjoerwurk smiten hawwe. De KNVB nimt it útbrekken fan de supporters út it útfak ûnder it fergrutglês. Fuotbalklup Harkemase Boys wachtet de ûndersiken en útkomsten ôf. Foar safier bekend is der noch net ien persoan oanhâlden.

Mochten tsjûgen noch ekstra ynformaasje of byldmateriaal hawwe, dan kinne sy kontakt sykje mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)