Advys Hûs en Hiem: âldereinkompleks Nij Ylostins yn Drylts moat monumint wurde

21 nov 2019 - 22:40

De advyskommisje Hûs en Hiem wol dat wenfoarsjenning Nij Ylostins yn Drylts in gemeentlik monumint wurdt. Op dy wize moat it folsleine kompleks oan de binnen- en de bûtenkant beskerme wurde. Tongersdei hie de advyskommisje in gearkomste oer de soarchfoarsjenning foar âlderein.

Nij Ylostins yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Eigener Elkien hat plannen de bewenners yn in nij kompleks op deselde lokaasje ûnder te bringen en Nij Ylostins te slopen, mar dêr giet Hûs en Hiem net yn mei. Mei it advys oan de gemeente om der in monumint fan te meitsjen, wurdt sloop dreger makke. Oanpassingen binne wol tastien en dêr sjocht de advyskommisje ek noch mooglikheden ta.

"Omdat dit in specifiek monument is uit 1972 is er toch veel meer mogelijk om te veranderen, dan bijvoorbeeld bij een middeleeuwse kerk", seit Gertjan Timmer, erfgoedsaakkundige fan Hûs en Hiem. "Dus eigenlijk is de bescherming als monument bedoeld om eenvoudige sloop te voorkomen, maar ook om nieuwe invullingen wel mogelijk te maken."

Minsklike maat

Neffens de advyskommisje is Nij Ylostins typearjend foar it postmodernisme, de perioade nei de weropbou. Kenmerkend is de lytsskalichheid. Timmer: "De schaal, de menselijke maat is hier heel erg belangrijk."

It is noch net bekend oft de gemeente Súdwest-Fryslân it advys fan Hûs en Hiem oannimt.

Gertjan Timmer, erfgoedsaakkundige fan Hûs en Hiem

Nij Ylostins wie tongersdei te sjen yn it telefyzjeprogramma Zembla fan BNNVARA. De programmamakkers hawwe de ynwenners de ôfrûne tiid folgje.

(advertinsje)
(advertinsje)