Yntegriteitsûndersyk opstapte wethâlder Stella Van Gent fan Súdwest-Fryslân giet troch

21 nov 2019 - 21:51

It is noch hieltyd net dúdlik wat no krekt de reden is, dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân it fertrouwen yn de PvdA-wethâlder Stella van Gent opsein hat. Ek al is sy opstapt as wethâlder, it yntegriteitsûndersyk nei Van Gent giet troch.

Foto: Omrop Fryslân

Van Gent tsjinne ferline wike har ûntslach yn nei't de oare leden fan it kolleezje it fertrouwen yn har opsein hiene. Se komt net wer werom, sa is bekend makke.

Yn de earste riedsgearkomste nei it bekend wurden fan de fertrouwensbreuk, prate de gemeenteried tongersdeitejûn oer de ûntstiene situaasje. Dêrby kamen ek boargemaster Jannewietske de Vries en CDA-wethâlder Maarten Offinga oan it wurd. Sy joegen de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân gjin details oer fertrouwensbreuk. Boargemaster De Vries konstatearre wol dat it fertrouwen yn Van Gent ferdwûn wie.

Net mear wurkber

Wethâlder Maarten Offinga sei dat hy him net werkent yn it sketste byld dat it fertrouwen al langer ferdwûn wie. De earste twa jier fan it kolleezje is der goed wurke, sei er. Pas yn de lêste perioade ha der spanningen west. Yn maart en yn juny is mediation besocht, mar dat rûn op neat út. It beslút om it fertrouwen yn Stella van Gent op te sizzen is net lichtsinnich nommen, mar it wie net mear wurkber, sei Offinga yn de ried.

De PvdA stapte út it kolleezje nei de fertrouwensbreuk. Hokker partij dêrfoar yn it plak komt, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)