Plysje op syk nei fersprieders naziposters by Sinteklaasyntocht Ljouwert

21 nov 2019 - 21:23

De plysje fan Ljouwert is op syk nei de fersprieders fan de rasistyske posters dy't foarige wike mei de yntocht fan Sinteklaas yn de Fryske haadstêd delhongen binne.

De poster - Foto: Omrop Fryslân

Op de posters stiene ûnder oare in heakkekrús, in ferwizing nei Hitler en twa ûntholle piten. Ek waard der op de posters in ferwizing makke nei de 'blokkearfriezen'. De posters binne yn de nacht fan freed 15 op sneon 16 novimber ferspraat.

Der is noch neat bekend oer wêr't de posters krekt weikomme en dêrom siket de plysje ekstra ynformaasje. Minsken dy't oanwizingen ha, kinne har melde fia 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)