Marijke Groenewoud wint earste wedstriid yn Trachitol Trophy

21 nov 2019 - 21:07

Marijke Groenewoud fan Hallum hat tongersdeitejûn de earste wedstriid yn de Trachitol Trophy wûn. Op de IIsbaan Twente yn Enschede wie se flugger as nûmer twa Imke Vormeer en nûmer trije Emma Engbers.

De Friezinne sprinte yn de lêste ronde, nei goed foarwurk fan har ZiuZ-teamgenoate Elisa Dul, fuort by it peloton en kaam úteinlik mei grutte foarsprong oer de finish. It is foar Groenewoud de twadde oerwinning dit seizoen. By de maraton fan Amsterdam, de earste fan it seizoen, wie se ek al de rapste.

Wedstriid oer fjouwer dagen

De Trachitol Trophy is in wedstriid oer fjouwer dagen. De riders kinne yn eltse wedstriid punten behelje en oan de ein wurdt in einklassemint opmakke. Op freed rydt it peloton yn Utrecht op De Vechtsebanen, op sneon yn Hoorn op IIsbaan de Westfries en op snein yn Kardinge in Grins.

Marijke Groenewoud op it poadium - Foto: Timsimaging

Groenewoud stiet nei de earste wedstriid no boppe-oan yn it klassemint mei 25,1 punten. Imke Vormeer hat der 21 en Emma Engbers krijt der 18 foar har tredde plak yn Enschede.

Manlju

By de manlju wie der gjin Frysk sukses. Gary Hekman wûn de massasprint foar Bart Hoolwerf en Luc ter Haar. Fanwege de wrâldbeker op de lange baan yn Poalen dit wykein stiene Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga net oan de start by de Trachitol Trophy.

(advertinsje)
(advertinsje)