FIDEO: Leger des Heils iepenet húskeameropfang yn Dokkum

21 nov 2019 - 20:37

Yn Dokkum is tongersdeitemiddei in nije lokaasje fan it Leger des Heils iepene. De gemeente Noardeast-Fryslân seach dat de fraach nei buertstipepunten grutter waard en hat it Leger des Heils benadere. Sa wol de gemeente soargje foar ferbining en wat dwaan tsjin iensumens.

De Bij Bosshardt-húskeamers binne trefpunten dêr't minsken út de buert nei ta kinne foar ferskate aktiviteiten, in plak om efkes kofje te drinken of in spultsje te dwaan. De húskeamer hat in keuken en in bernehoek. Fan tongersdei ôf is de nije lokaasje oan de Oostersingel foar elkenien iepen.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek krige in rûnlieding by it Leger des Heils

(advertinsje)
(advertinsje)