UPDATE: Stroomsteuring yn Ljouwerter wyk Huzum oplost

De stroomsteuring yn de Ljouwerter wyk Huzum is foarby. Foar de fjirde kear dizze wike siet in Ljouwerter wyk sûnder stroom. Om healwei sânen hinne foel de stroom út yn Huzum. Der sieten sa'n hûndert húshâldens sûnder elektrisiteit.
© Omrop Fryslân
It gie om de folgjende strjitten: Adriaen Brouwerstraat, Anton Mauvestraat, Frans van Mierisstraat, Hobbemastraat, Jacob Marisstraat en de Van der Helststraat.
Huzum waard moandei en tiisdei ek al troffen troch in stroomsteuring. Dat kaam troch brân yn in transformatorhúske. Woansdei lei yn it noardwestlik part fan Ljouwert de stroom derút.