Fyts- en kuierpaad Reitlânsfeart tusken Ryptsjerk en Hurdegaryp iepene

21 nov 2019 - 19:15

In nij fytspaad tusken Ryptsjerk en Hurdegaryp, dat wie in winsk fan de 14-jierrige Amber Vis. Dy winsk is útkaam, want tongersdeitemoarn waard it fyts- en kuierpaad offisjeel iepene.

In jier ferlyn stjoerde Amber in mei de hân skreaune brief oer har winsk nei de gemeente Tytsjerksteradiel. Se fielde har net altyd feilich as se de grutte dyk oerstekke moast mei de fyts. It nije fyts- en kuierpaad wie net allinnich in winsk fan Amber, mar ek fan de doarpsbelangen fan Ryptsjerk en Hurdegaryp.

It fytspaad waard offisjeel iepene troch wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel. Bern, masters en juffen fan CBS Alpha yn Ryptsjerk kamen fan de kant fan dat doarp nei it midden fan it fytspaad ta en út Hurdegaryp wei kaam in oar ploechje. Der waarden fytslampkes útdield oan de bern om it paad offisjeel te iepenjen. Amber Vis mocht it earste ljochtsje útdiele.

Foto: Provinsje Fryslân

It paad is foar Ryptsjerk en de Trynwâlden fan belang as rekreative fyts- en kuierferbining mei Hurdegaryp. Der is ek in daam realisearre, dy't troch lânbouferkear brûkt wurde kin as oerstek. Hjirtroch hoege fee en bygelyks trekkers net mear oer de iepenbiere dyk. Ek is de Reitlânsfeart opskjinne.

It nije fytspaad is ûnderdiel fan de gebietsûntwikkeling Sintrale As.

(advertinsje)
(advertinsje)