Dokkum as foarbyld foar kultureel brûsplak: net wachtsje, mar aksje

It kreëarjen fan kulturele brûsplakken yn Ljouwert keallet swier, wylst it yn Dokkum as fanselssprekkend giet, sa liket it wol. Al jierren is it gebou fan Stichting Kalamiteit oan de Rondweg-West it plak dêr't de Dokkumer muzykscene ta bloei komt. Op it stuit wurdt der hurd wurke oan in nije studio en in oefenromte, en der binne folle mear plannen foar de takomst.
Nij brûsplak Dokkum hast klear
Al jierren is hjir plak om te oefenjen foar bands, lykas The Homesick, Exitlight Empire, Esther de Jong en Esker van de Werken. De lêste wennet yn it gebou mei syn âlden en de rest fan de húshâlding. It pân is in âlde drukkerij, dy't yntusken net mear bestiet. Der sitte ek ateliers yn it gebou.
Muzikant en muzykdosint Patrick Schaafstal is oanjager om dit plak in boost te jaan en der in wier kultureel brûsplak fan te meitsjen. Se hawwe neat te krijen mei oerheden en dogge hast alles sels. Schaafstal is mei ferskate frijwilligers al sa'n 2,5 jier dwaande om in nije studio en oefenromte te meitsjen. Dy binne hast klear. "Het duurt zo lang, omdat we alles zelf moeten doen", aldus Schaafstal.
Eigener fan it pân, keunstner Ramon van de Werken, tinkt dat de kracht fan dit plak leit yn dat se ûnôfhinklik binne. Yn Ljouwert wurdt bot op de oerheid wachte om wat te dwaan, mar dat wurket neffens him net. "Ik heb altijd geloofd in het samenwerken met anderen. Je werkt samen, verdient geld en je koopt iets."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach yn Dokkum