Sherida Spitse nominearre as bêste spiler fan Noarske kompetysje

Fuotbalster Sherida Spitse is nominearre as bêste spylster fan de Toppserien, de Noarske fuotbalkompetysje. Dêr is de 29-jierrige Spitse oanfierster fan de klup Vålerenga.
Sherida Spitse yn aksje foar Oranje © www.orange-pictures.nl
Mei Vålerenga einige Spitse dit seizoen as twadde yn Noarwegen, efter kampioen Lillestrøm. De lêste wedstriden wiene it ôfrûne wykein. Kommend wykein spylje Spitse en Vålerenga de bekerfinale tsjin Lillestrøm.
Spitse hat in goed jier efter de rêch, want ôfrûne simmer helle se mei Oranje de WK-finale.
De winner fan de titel 'Årets spiller' wurdt op 2 desimber bekend makke. Spitse nimt it op tsjin Synne Jensen en Kennya Cordner.