SodM leit Vermilion lêst ûnder twangsom op om lûdsoerlêst gasboarring Noardwâlde

21 nov 2019 - 17:44

Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) hat gaswinbedriuw Vermilion in lêst ûnder twangsom oplein. Dat dogge se, omdat Vermilion yn Noardwâlde by it boarjen fan in nij gasfjild mear lûd makke as tastien ûnder de lûdsnoarmen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Kanadeeske gasprodusint Vermilion is yn Noardwâlde dwaande mei it boarjen nei in nij gasfijld. Dat Vermilion dêrby te folle lûd makke, waard ûnder oare dúdlik nei't in omwenner in filmke online sette. Dêrút die bliken dat de gasprodusint ôfrûne wykein om 2.30 oere nachts in hiel soad leven makke.

Ferskate ynwenners yn de wide omjouwing skrokken fan it lûd dat makke waard by it boarjen fan de nije lieding. De boarynstallaasje sels makket al in soad leven, it boarjen yn de boaiem soarget foar in kontinue lege bromtoan.

Rjochtop yn bêd

De boarlift dy't de buizen oppakt en ferpleatst, wie dit wykein de grutste feroarsaker fan it lûd. In protte omwenners sieten rjochtop yn bêd. Ien fan harren is Patricia Staats, dy't op sa'n 200 meter fan de boarlokaasje wennet. Se hie wol oerlêst ferwachte, mar it wie folle slimmer as dêr't se rekken mei holden hie. "Yn in brief waard sein dat der sprake wêze soe fan 'enige overlast', mar dit is net te hurdzjen", fynt Staats. Mei oare omwenners hat se noch besocht de boarrings op te kearen, mar sûnder sukses.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Neffens it ministearje fan Ekonomyske Saken is der in omjouwingsfergunning ôfjûn en dêrom koe der net mear yngrypt wurde.

Omwenners sizze dat it lûd dit wykein lûder wie as 70 desibel, wylst neffens de fergunningen 30 desibel it maksimum is.

'Unbetroubere partner'

Vermilion seit dat it al maatregels nommen hat om oerlêst foar te kommen. Omwenners sizze dat se ekskuzen krigen ha, mar se ha der gjin fertrouwen yn dat Vermilion him no oan de ôfspraken hâldt. Dy omwenners basearje harren op eardere ûnderfiningen mei Vermilion, dy't se omskriuwe as 'in sear ûnbetroubere partner'.

Troch de lêst ûnder twangsom ha omwenners mooglik minder soargen oer nije oerlêst. Hoe heech oft de twangsom by in nije oertrêding wêze sil, wol SodM net sizze. Tsjin it oplizzen fan in lêst ûnder twangsom kin wol beswier makke wurde. Oft Vermilion dat ek dwaan sil, is net bekend.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)