Nyk de Vries is nije Dichter fan Fryslân

21 nov 2019 - 16:43

Nyk de Vries is tongersdei op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op, dy't ôfskied nimt fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.

"Dit dichterskip is in grutte eare en komt foar my op presys it goede momint", seit de farske, nije heitelândichter Nyk de Vries. Hy kin der in protte fan leare, seit er fierder. "Dat is it moaiste, ast dysels op nije paden bringe kinst. Dan kin der fan alles barre."

Harkje nei in petear mei Nyk de Vries

Ambassadeur

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga, hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

Nyk de Vries, krekt yn funksje as Dichter fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Wa is Nyk de Vries?

Nyk de Vries waard yn 1971 berne yn Noardburgum. De skriuwer/muzikant wennet en wurket yn Amsterdam. Mei syn proazagedichten stiet er geregeld op literatuer- en teäterfestivals yn binnen- en bûtenlân. De Vries skreau ek ferskate romans en poëzybondels. Ein 2011 ferskynde syn bondel De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Yn 2013 ferskynde 'Glans', in proazaferhaal oer syn tiid as wurknimmer fan de Ikea yn de stêd Grins.

Nominearre foar Gysbert Japicxpriis

Mei syn boek Renger út 2015, dat yn it Frysk en it Nederlânsk ferskynd is, behelle er dit jier in nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. Syn proazagedichten binne ek geregeld te hearren op Radio 1, yn it programma Studio Idzerda.

Nyk de Vries (rjochts) , Dichter fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)