Plysje fynt fjoerwapen yn sjalet op fakânsjepark Sumar

21 nov 2019 - 16:42

De plysje hat yn in sjalet yn Sumar in fjoerwapen fûn. Op fakânsjepark Klein Zwitserland die de plysje tongersdei in ynfal. Dat hat te krijen mei operaasje Alfa, in grut plysjeûndersyk yn Noard-Brabân.

Yn Noard-Brabân waarden ferline wike yn Oss trije kopstikken fan in kriminele famylje oppakt.

Tongersdei wiene der mear ynfallen: earst yn it Brabânske Lith en dêr kaam de plysje op it spoar fan de sjalet yn Sumar. It fjoerwapen lei dêr ûnder in matras. De plysje docht gjin meidielingen oer wat de relaasje is tusken 'Sumar' en de ynfallen yn Brabân, allinnich dat it deselde saak is.

Gjin link tusken fakânsjepark en kriminaliteit

It trochsykjen fan it fakânsjepark is yntusken dien. It fakânsjepark sels wurdt net linkt oan de kriminele aktiviteiten fan de famylje út Oss.

De yngong fan Klein Zwitserland - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(advertinsje)
(advertinsje)