Undersyk makket dúdlik hokker plakken oft geskikt binne foar seegers

21 nov 2019 - 15:55

De Waardgrûnen fan Skylge, it Wierumer Waad en it waad súdlik fan It Amelân binne geskikt om seegers te ûntwikkeljen. Dat docht bliken út nij ûndersyk yn opdracht fan Rykswettersteat dy't de natuer beheard op it Waad. Der is lykwols ek krityk op de ambysje fan Rykswettersteat.

Seegers - Foto: Laura Govers

Seegers is in wichtige saneamde biobouwer; it soarget der bygelyks foar dat lytse fisken feilich grut wurde kinne en dêrmei nimt it ferskaat oan soarten ta. Mar it kin ek foarkomme dat der grûn fuortslacht, omdat it de weagen wat tsjinhâldt. Dat is net it iennige: it kin ek wer in wichtige boarne fan fretten foar rotguozzen wurde lykas yn it ferline. De fjilden mei seegers binne sa goed as allegearre ferdwûn troch sykte nei de bou fan de Ofslútdyk.

Geskikt gebiet foar seegers om te libjen is foaral te finen op 'rêstige' Waadplaten ûnder in pear Waadeilannen en by de kust fan de fêste wâl del. Dêr binne minder weagen en dy faktor wie earder noch net meinommen by ûndersiken nei geunstige plakken foar seegers. Rykswettersteat sil yn de simmer fan 2020 mei oare behearders fan it Waadgebiet besjen hoe't se meihelpe kinne oan de oangroei fan de soart.

Seegers op it Gryn - Foto: Sanne van Germerden

Dat giet marine-ekolooch Laura Govers fan de Rijksuniversiteit Groningen net fier genôch. Sy is al jierren dwaande om benammen op it Waad by Gryn aktyf sied te plantsjen en sa it seegers op te kweken. Dy eksperimentile oanpak docht hieltiten mear fertuten.

Neffens Govers wachtet Rykswettersteat op in natuerlik werstel fan de soart op it Waad en dat kin wolris hiel lang duorje: "Omdat er in de Westelijke Wadden geen zeegras meer is en de stroming loopt vooral van west naar noord." En dat is wol wat lestich as krekt dy streaming sied út it Dútske Waad, dêr't de plant noch wol folop sit, nei ús Waad bringe moat.

Govers wol in kombinearre oanpak wêrby't der op guon plakken seegers plante wurdt en oare geskikte gebieten sa beskerme wurde dat it plantsje dêr ek in plak fine kin.

Laura Govers fan de Rijksuniversiteit Groningen

Trefwurden: 
seegers Waad seewier
(advertinsje)
(advertinsje)