Miljoenen foar natuerprojekten yn Iselmargebiet

21 nov 2019 - 15:49

De Fryske Iselmarkust kin de kommende jierren miljoenen euro's temjitte sjen. It Ryk stelt yn totaal 110 miljoen euro beskikber foar natuer om de folsleine Iselmar hinne.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

It jild falt ûnder it lanlike projekt Programmatische Aanpak Grote Wateren (PAGW). Binnen dit projekt binne earder al grutte ynvestearringen dien yn de Marker Waad. It jild wurdt no útdield oan de Fryske kust, Wieringerhoek, de Markermeerkust en de Oostvaardersoevers.

De provinsjes om de Iselmar hinne hawwe mei-inoar yn in brief oan it Ryk om it jild frege. Se wolle de natuer fan it saneamde 'blauwe hert' sterker en takomstbestindich meitsje.

Trefwurden: 
natuer jild Iselmar
(advertinsje)
(advertinsje)