Dieven op byld: plysje ûndersiket arkstellerij yn Warkum

21 nov 2019 - 15:22

De plysje is op syk nei twa fertochten dy't ôfrûne oktober yn Warkum ark en elektryske apparatuer stellen hawwe út in bedriuwsauto. Dy stie parkearre oan it Súd yn 'e stêd. It giet om in man en in frou, dy't der nachts hân yn hân oanrinnen kamen.

In kamera makke opnamen fan de dieders en de plysje hat dy bylden no op ynternet set, yn de hoop dat minsken de dieders herkenne en kontakt opnimme.

It ark waard op moandei 14 oktober om twa oere nachts hinne stellen. Minsken dy't mear witte oer de stellerij, wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
stellerij Warkum dieven
(advertinsje)
(advertinsje)