ONS wint, Drachtster Boys gelyk

© Omrop Fryslân
Haadklasser ONS Snits pakte sneon trije belangrike punten. Yn en tsjin Berkum waard mei 4-0 wûn. Yn de earste helte krigen de Snitsers in oantal kânsen maar by it skoft wie de stân 0-0. Yn de twadde helte iepene Patrick Goedhart de skoare. Cutrick Gonzales, Jurjen Bosch en Ale de Boer soargen foar de 4-0 einstân. Drachtster Boys spile yn in doelpuntrike wedstriid mei 5-5 gelyk tsjin Urk.