Trije punten foar Harkemase Boys

12 nov 2011 - 16:47

Topklasser Harkemase Boys pakte sneon op De Bosk de tredde oerwinning fan it seizoen. Mei ynterim-duo Konrad Ongersma en Willem Weening op de bank wûnen de Harkiten mei 1-0 fan Montfoort. Yn in mear spannende as bêste wedstriid wie it Oebele Schokker dy't mei in penalty foar de oerwinning soarge. Harkemase Boys krige in protte mooglikheden, benammen René van der Weij krige twa prachtige kânsen.

Ongersma en Weening stean ek kommende wike op it trainingsfjild foar de ploech. Se ferfange trainer Wieb Rodenhuis dy't him fanwege in konflikt mei it bestjoer siik meld hat.

Trefwurden: 
Harkemase Boys
(advertinsje)
(advertinsje)