UPDATE: Brân Skipfeartmuseum yn Snits ûnder kontrôle

21 nov 2019 - 14:39

Der hat tongersdeitemiddei brân west by it Skipfeartmuseum oan it Kleinzand yn Snits. It gebou en ek gebouwen yn de buert binne ûntromme. De brân siet tusken twa plafonds.

De brânwacht is teplak mei in heechwurker en de korpsen fan Snits, De Jouwer, Drylts en Heech. In healoere nei de melding hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle. De brânwacht ûndersiket noch wol hoe't de brân krekt ûntstean koe.

In moanne lyn wie der ek al in brantsje yn itselde gebou.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Museumdirekteur Seffinga

Piet van der Vlist fan de brânwacht

Trefwurden: 
brân Snits skipfeartmuseum
(advertinsje)
(advertinsje)