Oratmangoen ferfangt blessearre Antonia by Cambuur

21 nov 2019 - 14:13

It wie in ymponearjende sprint, dy't Jarchinio Antonia ôfrûne snein ôflei yn it duel mei Almere City. Mar njonken in moaie assist op de 2-0 smyt it de oanfaller ek in blessuere op. Antonia is nei ferwachting sa'n trije oant fiif wiken út de rûlaasje. Freed tsjin FC Eindhoven is Ragnar Oratmangoen syn ferfanger by SC Cambuur.

De sprint fan Antonia late dus ta de blessuere. Hy sprinte op in snelheid fan 37 kilometer yn de oere, sa is it metten, mar moast doe ynienen remje om de bal ôf te kappen. Dêrtroch hat er him ferstapt en hat er in ankelblessuere. Neffens trainer Henk de Jong is it net in probleem om him te ferfangen: "Ik fyn dat dy jonges harren sa geweldich ûntwikkelje, dat we gewoan wer fierder geane. Dan sette we wer in oar deryn. Mitchel Paulissen docht it ek goed, mar dat is mear foar de linkerkant. Ragnar is ek wend om rjochts te spyljen."

Statistysk lestich

As je nei de statistiken sjogge, dan wurdt de wedstriid tsjin FC Eindhoven in lestige foar Cambuur. De tsjinstanner ferlear dit seizoen noch net yn it eigen Jan Louwers Stadion en boppedat wie de lêste kear dat Cambuur wûn yn Eindhoven yn 2006. Mar dy statistiken sizze Henk de Jong net safolle. "Roda JC hiene we ek noch noait wûn. Hjir hawwe yn 2006 foar it lêst wûn. It moat dochs ris feroarje."

Jarchinio Antonia yn de sprint by de 2-0 fan Cambuur - Foto: Orange Pictures

Statement tsjin rasisme

By alle wedstriden yn de eare- en earste difyzje dogge de spilers de earste minút neat. Dat is om in statement te meitsjen tsjin rasisme. Snein waard de wedstriid tusken FC Den Bosch en Excelsior staakt, om't supporters fan Den Bosch harren rasistysk útlieten tsjin Excelsior-spiler Ahmad Mendes Moreira.

Dat klups no mei-inoar yn aksje komme, fynt De Jong in goed inisjatyf. "Hûndert prosint terjocht. Dêr moatte we mei syn allen wat oan dwaan. Ik wit net oft it oait út te bannen is, want as der ien ferfelende idioat is dy't it docht, kin it altyd gebeure."

Skandalich

Keeper Sonny Stevens fan Cambuur stie ferline jier ûnder kontrakt by Excelsior. Dy klup wie belutsen by it ynsidint fan ôfrûne snein. Stevens hat kontakt hân mei syn âld-ploechgenoaten. "Ik heb alles meegekregen. Het is schandalig wat er gebeurt. Iedereen neemt het nu gelukkig over, dus hopen we dat het nu de kop wordt ingedrukt."

Stevens makket oant no ta in goed seizoen troch. Mei in soad rêdings is er wichtich foar syn ploech. Oan de oare kant krijt Cambuur somtiden ûnnedich in tsjingoal. Sa as yn de thúswedstriden tsjin Helmond Sport, TOP Oss en Almere City. Dêr baalt Stevens dan ek wol fan: "Soms gaat het de eerste zoveel minuten zo goed, dan kunnen we dat niet negentig minuten volhouden. Dat is een beetje gemakzucht."

Fan efterút besiket Stevens dêr wat oan te dwaan troch fûl te roppen en te razen. "Je probeert iedereen scherp te houden. Dat moet ook vanuit jezelf komen, maar ik wil wel die extra procenten geven."

De wedstriid yn it Jan Louwers Stadion tusken FC Eindhoven en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It kommintaar fanút Eindhoven komt fan ferslachjouwer Andor Faber. Sneon is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)