Friesche IJsbond 125 jier

© Omrop Fryslân
Yn Snits is sneon in tentoanstelling iepene oer de Friesche IJsbond. Dy stichting fiert dit jier syn 125 jierrich-jubileum. De tentoanstelling is te sjen yn museum de Fryske winter, dat dit jier syn 25 jierrich jubileum fiert. De Fryske winter is ûnderbrocht yn it Skipfeartmuseum.
Yn de eksposysje is allegear materiaal te sjen dat de iiswegesintrales brûke om it iis skjin te hâlden. It meast opfallende is in Harley Davidson-motor mei dêrneist in grutte snieskower. De tentoanstelling is oant 29 jannewaris te sjen.