Eksperts definsje op Skier

© Omrop Fryslân
De komunikaasje-eksperts fan definsje gean fan nije wike snein ôf oan de slach op Skiermûntseach. Se sille dêr oefenje yn it opsetten fan nije ferbiningen by in grutte stroomsteuring. Se oefenje alle jieren, mar noch nea earder diene se dat op in eilân. By de gemeente Skier binne se der wiis mei, want wat de eksperts oefenje wolle, hawwe se dêr yn it echt meimakke.
Yn maart 2009 wie der in grutte stroomsteuring wêrtroch't alle kommunikaasjemiddels fuort foelen. In oplossing wie der net. By de gemeente hoopje se dat de eksperts fan definsje harren nei ôfrin fan de oefening wat tips jaan kinne.