Liander: stroomsteuringen Ljouwert hawwe mei-inoar te krijen

De twa stroomsteuringen yn Ljouwert fan earder fan 'e wike hawwe mei-inoar te krijen, neffens Liander. Nei de brân by de earste steuring moast de elektrisiteit earne oars weihelle wurde. Dy omlieding bart mei kabels. Dêr is te folle spanning op kaam en doe ûntstie in dei letter in nije stroomsteuring.
It útbaarnde transformatorhúske © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De earste grutte stroomsteuring wie moandeitejûn. Fjouwertûzen húshâldens yn de wyk Huzum sieten ynienen yn it tsjuster nei in brân yn in transformatorhúske. Nei in pear oeren hiene de measten wer elektrisiteit, mar net allegearre. In dei letter foel yn it westen fan Ljouwert de stroom út by tûzenen huzen.
Neffens wurdfierder Peter Hofland fan Liander is de iene stroomsteuring in gefolch fan de oare. Der kaam tefolle spanning op de omliedingskabel te stean, wêrtroch't it op in oar plak misgie.
It útbaarnde trafohúske yn de Huzumer Van der Veldestrjitte dêr't it allegearre begûn, is noch noch altyd defekt, seit Hofland. Dêr stiet no in aggregaat as needoplossing. Liander ûndersiket hoe't se sokke problemen mei tefolle spanning by omliedingen yn de takomst tefoaren komme kinne. Ek nei de oarsaak fan de brân yn it trafohúske wurdt noch ûndersyk dien.