Tûmba ropt fuotbalklups op om yn aksje te kommen tsjin rasisme

21 nov 2019 - 13:11

Anty-diskriminaasjeburo Tûmba ropt alle fuotbaklups yn Fryslân op om kommend wykein hân yn hân mei-inoar te stean, as symboal tsjin rasisme.

Foto: ANP

Ofrûne wike makken de spilers fan it Nederlânsk Alvetal inselde gebaar op it trainingsfjild. Dat wie in reaksje op de rasistyske sprekkoaren fan guon FC Den Bosch fans ferline wykein tsjin Excelsior-spiler Mendes Moreira.

Nederlân reagearre massaal op it foarfal, en der waard skande sprutsen fan it barren en de earste reaksje fan FC Den Bosch.

Neffens Tûmba hawwe de measte meldingen dy't by harren binnekomme ek te krijen mei rasisme. "Wij zien en horen wat racisme met mensen doet." Dêrom wol Tûmba no in aksje op tou sette: "Sport verbroedert en dat moet zo blijven want #jijhoorterbij."

Trefwurden: 
Tûmba rasisme
(advertinsje)
(advertinsje)