It skûtsjemuseum wreidet út en wol alles sels dwaan

It skûtsjemuseum yn Earnewâld wreidet út. Der komt in romte by foar in filmseal, in útwreiding fan de bibleteek en ek ekstra wurkromte foar de frijwilligers. De oanset fan de útwreiding wurdt mooglik makke troch in priis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns.
It skûtsjemuseum wreidet út en wol alles sels dwaan
De priis fan 2500 euro is troch it museum fertsjinne mei it teäterstik Myn Skyp. Betingst wie wol dat it jild bestege wurde moast oan in goed doel. Skriuwer fan it stik Age Veldboom hie fuort nei de útrikking al ideeën oer wat te dwaan mei it prizejild: "Ik woe in kontener, in seekontener as filmseal!" Mar de kollega's by it museum hiene gruttere plannen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Yn bestjoersgearkomsten kamen de plannen, en it waard grutter en grutter", fertelt Veldboom. "Oant wy derby kamen om de hiele foargevel nei foaren te heljen, en ûnder in wurkplak foar de frijwilligers te meitsjen."

De krêft fan frijwilligers

Sytze Bruinsma is frijwilliger by it museum, en ien fan de minsken dy't grutte plannen hie foar it gebou: "Der wiene meardere winsken, en dan kinne je wol gau in kontenerke delsette en dan is it klear, mar wy tinke fierder." Probleem is lykwols no wol, dat it jild fan it Prins Bernhard Kultuerfûns net genôch is om it projekt te finansieren. It is op dit stuit in startkapitaal, mar der moat mear by: "Wy sille in soad mei frijwilligers dwaan, mar der moatte yndie wat fûnsen oanskreaun wurde."
Age Veldboom hat it folste fertrouwen yn de krêft fan de frijwilligers: "Ast witst wat al dizze frijwilligers delset hawwe yn de ôfrûne jierren, dan haw ik der ek wol fertrouwen yn, dat dit klearkomt."
Harkje nei in bydrage fan Hayo Bootsma