Auto yn de sleat by Ingelum

21 nov 2019 - 11:17

Op de N398 by Ingelum is tongersdeitemoarn in auto fan de dyk rekke. De auto bedarre úteinlik yn de sleat.

Foto: Kappers Media

It ûngelok barde om healwei tsienen hinne. De minsken dy't yn de auto sieten, binne troch ambulânsepersoniel behannele. It is net bekend hokker ferwûnings oft se hawwe. It is ek net dúdlik hoe't de auto fan de dyk ôf reitsje koe.

Plysje en de provinsje hawwe it oare ferkear om it ûngelok hinne laat.

Trefwurden: 
ûngelok Ingelum
(advertinsje)
(advertinsje)