IepenUP: Diskusjes oer Swarte Pyt en keunst yn de stedskas

21 nov 2019 - 11:17

Teätermakker Mounir Samuel, dy't ek sjoernalist en korrespondint Midden-Easten en Noard-Afrika is foar de lanlike media, woe woansdei op it poadium fan IepenUP live sawol syn argewaasje as syn fernuvering oer de 'blokkear-Friezen' net ûntkenne. "De Friezen moeten zich niet langer laten opruien door een paar pro-Zwarte Piet demonstranten. Dat past gewoon niet bij een volk dat nota bene tijdens de Tweede Wereldoorlog de meeste verzetsstrijders had van Nederland."

"Dan zie je zo'n flyer van een fascistische Sinterklaas, die Nederland wit wil houden", fertelt Samuel. "Kijk toch naar jullie eigen vlag. Daar staan allemaal harten op, symbool voor liefde en verdraagzaamheid. Dat is het Fryslân waar ik van hou", sa hâlde Mouinir it publyk fan IepenUP foar. It publyk dat woansdei yn it ramt fan Explore the North net yn Muzyksintrum Neushoorn siet, mar yn de Stedskas op it Aldehoustertsjerkhôf. "Jullie kunnen je beter opwinden over de klimaatcrisis. Die is veel erger."

Dichter en skriuwer Joost Oomen woe safier net gean. Hy lei de fokus op de moaie saken fan de keunst en minder op in maatskiplike boadskip. "Kunst als lust en leven. Heerlijk werk waar je blij van wordt", wêrnei't Joost mei de muzykformaasje Kruidkoek mei in artistyk kanon pop-corn oer it publyk hinne ôfskeat.

Nije wike komt IepenUP wer yn Neushoorn Café Backstage op moandei en tiisdei mei twa ekstra edysjes. Moandei mei Maria Alyokhina, frontfrou fan Pussy Riot en tiisdei mei de inisjatyfnimmer fan Fair Saturday de Bask Jordi Albareda. Ljouwert is de earste en foarearst iennichste stêd yn Nederlân dy't oan Fair Saturday meidocht. Woansdei is der dy wike dan gjin IepenUP live.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20:00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

Trefwurden: 
IepenUP Mounir Samuel
(advertinsje)
(advertinsje)