FIDEO: Drok besochte iepen dei by it Friesland College

21 nov 2019 - 10:59

In grut tal besikers wie woansdei op it Friesland College oanwêzich. Alle fêstigingen fan dizze ROC yn Fryslân setten de doarren iepen foar jonge, mar ek folwoeksen studinten.

It middelber ûnderwiis is bot yn beweging. It hat te krijen mei weromrinnende oantallen studinten en de oplieidingen rjochtsje har net allinne mear op it fakwurk, mar ek op persoanlike ûntwikkeling en kreativiteit.

Der kin yn totaal út mear as 130 opliedingen keazen wurde by it Friesland College en de measten dêrfan presintearren harren op de iepen dei oan it grutte publyk. Fan de sportoplieding CIOS oant in oplieding ta stewardess en fan hotelskoalle oant kreatyf fakman. Yn totaal folgje sa'n 10.000 minsken de kursussen fan it kolleezje.

(advertinsje)
(advertinsje)