Hieltyd mear otters yn Nederlân

21 nov 2019 - 10:14

It tal otters yn Nederlân nimt noch hieltyd ta. Yn 2018/2019 waarden der yn totaal 360 bisten teld. Yn deselde perioade yn it jier dêrfoar wiene dat der 275. Dat sizze de Zoogdiervereniging en de Wageningen Universiteit op de webside Nature Today.

Foto: ANP

De otter wie yn 1998 hielendal útstoarn yn Nederlân. Yn 2002 waard dêrom úteinset mei in útsetprogramma, ûnder oare ek yn Fryslân. Dit programma liket no suksesfol. De otters ferspriede harren ek hieltyd mear oer it lân. It grutste part sit noch hieltyd yn Fryslân, Flevlolân, Drinte en Oerisel, mar de bisten binne ek sjoen yn Gelderlân, Súd-Hollân, Grinslân en Noard-Hollân.

Deariden

It tal bisten dat troch it ferkear om it libben komt is neffens de ûndersikers noch wol heech. Yn de ôfrûne winterperioade waarden hast hûndert otters deariden. Neffens de ûndersikers is der in relaasje tusken it tal deariden otters en de groei fan de populaasje: wat mear otters der binne, wat mear der yn it ferkear omkomme.

Trefwurden: 
otter
(advertinsje)
(advertinsje)