Ynfal yn sjalet op fakânsjepark Klein Zwitserland yn grutskalich plysjeûndersyk

21 nov 2019 - 10:06

De plysje hat tongersdeitemoarn in ynfal dien op fakânsjepark Klein Zwitserland yn Sumar. De ynfal makket diel út fan operaasje Alfa, in plysjeûndersyk nei in kriminele famylje yn Oss. De parse wurdt op ôfstân holden yn Sumar.

Dion Luyten, wurdfierder fan de plysje East-Brabân: "Er is een groot onderzoek bezig de laatste tijd, waarbij linken zijn gevonden naar een chalet in Fryslân." Der is gjinien oanhâlden by it ûndersyk, seit Luyten foar Omrop Fryslân Radio.

Tongersdeitemoarn betiid die de plysje, yn gearwurking mei Definsje en de Belestingtsjinst, ek al in ynfal yn it Noard-Brabânske Lith. Dêrby wiene mear as hûndert plysjeminsken belutsen. It wenweinkamp oan de Maasstraat is folslein ôfsetten. Foar de bewenners fan it kamp is oare wenromte socht.

Operatie Alfa

Operatie Alfa begûn op woansdei 13 novimber mei in grut ûndersyk op it wenweinkamp yn Oss. Der waarden yn in ôfsletten rûmte fjoerwapens, jild, drugs en mooglik eksplosiven fûn. Letter wiene der ek noch trochsikingen yn Berghem, Macharen en Oijen. Dêr waard ûnder oare harddrugs fûn en guod om drugs te meitsjen.

De yngong fan Klein Zwitserland - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

"Drugs en wapens"

Omrop Fryslân-ferslachjouster Jantine Stoffers mei it park net op. Se sjocht fan de bûtenkant allegearre plysjeauto's ôf- en oanriden. De eigener fan Klein Zwitserland wol neat sizze oer wat der te rêden is. In bewenner fan it park mei wa't de ferslachjouster fan Omrop Fryslan praat hat, sei dat it te krijen hat mei drugs en wapens. De bewenner woe net sizze om hokker persoan it giet.

(advertinsje)
(advertinsje)